Farre ûnder ynfloed by Grou

16 jul 2008 - 10:29
Foto: Omrop Fryslân

By in surveillânse op it wetter hat de plysje tiisdeitejûn by Grou in Ljouwerter (27) en in Gordykster (51) oanhâlden fanwege it farren ûnder ynfloed fan alkohol.

De Ljouwerter moast in asemanalyze op it plysjeburo ûndergean. Hy krige in farferbod foar twa oeren. De skipper fan De Gordyk krige in farferbod fan ien oere. De plysje surveilleart op't heden geregeld op it wetter yn it ramt fan it simmerwettertafersjoch.

Trefwurden: 
argyf
(Advertinsje)
(Advertinsje)