Sin, sin, sinne hit op YouTube

Judith Fledderus
Tiisdei is de fideoklip fan it ferske 'Sin, sin, sinne' fan Judith Fledderus foar de 10.000ste kear besjoen op it YouTube-kanaal fan Omrop Fryslân. Sin, sin, sinne is dêrmei noch lang gjin absolute topper op ynternet, mar oan de oare kant: der binne hiel wat filmkes dy't minder besjoen wurde. Judith Fledderus stiet no fjirde fan boppe by de bêst besjoene fideo's op it YouTube-kanaal fan Omrop Fryslân.