'Hoarekafergunning te djoer'

© Omrop Fryslân
Hoareka-ûndernimmers yn de Stellingwerven binne min te sprekken oer de kosten fan in hoarekafergunning. De gemeente Eaststellingwerf hat de kosten dêrfan ferhege fan rom 270 euro nei mear as 610 euro.
De hoarekafergunning is nedich foar ûndernimmers dy't in in nije saak begjinne wolle. De ôfdieling Stellingwerven fan Koninklijke Horeca Nederland hat de gemeente in brief stjoerd oer de kosteferheging.