Dip yn huzehannel

It huze-oanbod yn Ljouwert is grut
De huzeferkeap yn Fryslân en benammen yn Ljouwert sit yn in dip. Wenningen steane lang te keap en de prizen geane hast net mear omheech. Dit is net allinnich dreech foar minsken dy't har hûs kwyt wolle, ek guon makelders kinne de holle net mear boppe wetter hâlde en moatte it kantoar slute.
Yn Ljouwert steane sa'n 1200 huzen te keap. De tiid dat huzen te keap steane is oprûn oant goed 4 moanne. De ferwachting is dat dit jier 500 huzen minder ferkocht wurde as yn 2007.