Topdrokte yn biste-asyls

15 jul 2008 - 15:44

Neffens de biste-ambulânses yn Fryslân wurde der dit jier mei de fakânsjeperioade mear húsdieren dumpt as oare jierren. It wurdt alle jierren slimmer en de Dierenambulanses hawwe it tige drok mei it ûnderbringen fan hûnen, jonge katten, kninen en sels einen, bargen en nuete ratten.

De asyls yn Fryslân sitte fol mei dumpte bisten. Benammen jonge katten wurde by it soad oan de kant fan de dyk set, omdat de baas of bazin op fakânsje giet.

Trefwurden: 
argyf
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)