Duursma's 65 jier troud

15 jul 2008 - 15:27

Trouwe midden yn oarloch, it is hast net mear foar te stellen. IJbe (89) en Grietje (87) Duursma fan Teridzert dienen it. Yn 1943 troude it fereale pear. Tiisdei wiene se 65 jier troud.

Fjouwer generaasjes fiere mei it pear de briljanten brulloft. Boargemaster Van Klaveren fan Weststellingwerf komt ek del. De Duursma's hawwe harren hiele libben buorke. De lêste jierren is IJbe Duursma drok dwaande mei syn grutte hobby's âld ark en it sammeljen fan stiennen.

Trefwurden: 
argyf
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)