Omrop hâldt Klaas Idols

15 jul 2008 - 14:26

Op freed 18 july hâldt Omrop_Fryslân Klaas Idols. Eltsenien dy´t tinkt dat er like goed of miskyn sels better ferslach dwaan kin fan it skûtsjesilen as Klaas_Jansma kin dêr oan meidwaan.

In saakkundige sjuery sil de ´Klazen´ beoardielje op de kennis fan it skûtsjesilen, op de kwaliteit fan it ferslach fan de wedstriid en op oare saken dy´t in echte Klaas yn ´e fingers hawwe moat. Opjaan kin oer de mail op simmer@omropfryslan.nl

Trefwurden: 
argyf
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)