'Knap rêdingboat Moddergat op'

De Wierumer aak is klear
De âlde rêdingboat fan Moddergat moat it nije projekt wurde fan it wurkgelegenheidsprojekt fan it garnalenfabrykje yn Moddergat. It projekt is bekend fan de Wierumer aak dêr't fjouwer jier oan boud is.
De provinsje ûndersiket oft it finansjeel út kin om it skip te renovearjen. Op dit stuit wurde der by it projekt meubels makke fan wrakhout. De gemeente De Marne yn Grinslân wol in graach âlde garnaleboatsjes bouwe litte by it projekt.