193 oer de A7: rydbewiis kwyt

15 jul 2008 - 09:41

De plysje hat moandeitejûn op it Hearrenfean it rydbewiis ynfoardere fan in 42-jierrige Amsterdammer. De man passearde in snelheidskontrôle op de A7 mei in faasje fan 193 kilometer yn 'e oere. Op de A7 jildt in maksimum snelheid fan 120 kilometer yn 'e oere.

De man krige in stopteken en koe oanslutend syn rydbewiis ynleverje by de plysje.

Trefwurden: 
argyf
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)