Twa ynbraken op Skiermûntseach

© Omrop Fryslân
De plysje ûndersiket twa ynbraken yn twa horekasaken op Skiermûntseach yn de nacht fan snein op moandei. Oan de Langestreek waard nei it iepenbrekken fan de doar in jildbedrach fan in pear hûndert euro út de kassa stellen. In ynwenner fan Skier (32) hat oanjefte dien fan 'e ynbraak.
Oan de Badwei waard op deselde wize de ynhâld fan de klûs meinommen. Hoefolle jild hjir krekt ferdwûn is net bekend. Yn dit gefal die in man fan Spannum (49) oanjefte.