Tsjerke Wier enerzjy-neutraal

Ynwenners fan Wier binne noch hieltyd drok dwaande om de histoaryske tsjerke yn it doarp opknapt te krijen. Eardere aksjes om jild te krijen slaggen net. Om dochs oan jild te kommen organisseare se dit jier in soad askjes om oandacht foar de tsjerke te krijen. Sa is der in âld oerwurk út de 17e ieuw werom helle nei de tsjerke.
In oar plan is om fan de tsjerke in enerzjy neutraal gebou te meitsjen. Dêrmei wol de kommisje dan wer jild út oare potsjes oanlûke.