Haven Eastermar lûkt toeristen

© Omrop Fryslân
De opknapbeurt fan de passantenhaven soarget foar in ferdûbeling fan it oantal besikers. Twa jier lyn kamen der ûngefear 400 boaten yn it jier. Yn 2007 lei dat oantal al op 872, dit jier wurde der wol 1000 ferwachte. By oankomst krije passanten in wolkomstpakket, mei folders fan de pleatselike middenstân, om de passanten ek it doarp yn te lokken.
Yn de haven kinne ûngefear 45 boaten lizze. It behear wurdt dien mei frijwilligers.