Grutte luchtmachtoefening

© Omrop Fryslân
Nederlânske en bûtenlânske F16's wurde de kommende wiken boppe de Noardsee oanfallen troch Ingelske fleantúgen. Fytjin piloaten binne dwaande mei in wapentraining. De ôfrûne moannen learden se alles oer de teory fan de wapens. No gean se fanôf de fleanbasis yn Ljouwert nei de Noardsee om dat yn de praktyk út te fieren. De piloaten dogge in luchtoarloch nei.
Ek Noarwegen, Denemarken, België en Portugal dogge. Oer twa wiken wurdt de kursus ferpleatst nei Noarwegen.