Digitale oanfallen op Wâldnet

14 jul 2008 - 12:08

De populaire ynternetsite Wâldnet hat al twa dagen bot lêst fan digitale oanfallen. Sûnt sneon is de site dêrtroch min berikber. Dat komt trochdat kompjûters dy't besmet binne mei in firus massaal tagelyk besykje yn te loggen.

Dêrtroch rekket de server dy't it ynternetferkear regelt oerbeleste. Der binne al goed 15.000 kompjûters dy't oan de oanfal meidogge, benammen út Nederlân. Sneintejûn hat Wâldnet in sterkere server ynstallearre.

Trefwurden: 
argyf
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)