Mboua definityf nei Peking

14 jul 2008 - 10:23

Cambuur-oanfaller Marc_Mboua giet definityf mei Kameroen nei de Olympyske_Spelen yn Peking. Dêrtroch mist hy de start fan de kompetysje mei Cambuur. De rappe oanfaller moat him op 20 july melde yn Stuttgart, dêr't Kameroen de tarieding op de Spelen begjint.

Yn de tarieding op it Olympysk toernoai spilet Mboua ûnder oaren tsjin it Nederlânsk alvetal fan Foppe_de_Haan. Dy makket moarn de definitive seleksje bekend.

Trefwurden: 
argyf
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)