Graffityspuiter oppakt
De plysje fertinkt in 25-jierrige ynwenner fan Koudum fan it spuitsjen fan graffiti yn Ljouwert. De man waard sneintenacht sjoen troch in tsjûge by in loads oan de Rengersleane.
Doe't de ynskeakele plysje him oanhâlde hie de man in tal spuitbussen by him. Ek waard speed by him fûn. Hy is fêstset op it plysjeburo.