Man oppakt foar mislediging
Oan de Dimpte Haven yn Grou is sneintemoarn betiid in 19-jierrige Ljouwerter oppakt foar mislediging. De man wie eefkes derfoar belutsen west by in fjochtpartij.
Doe't de plysje ferhaal helje woe, begûn er te skellen en waard er oanhâlden. De man fersette him dêr tsjin en is dêrop yn de boeien slein en meinaam nei it plysjeburo.