Dronken automobilist oanholden

13 jul 2008 - 13:31

Mei help fan twa automobilisten hat de plysje yn de nacht fan sneon op snein in dronken automobilist oanhâlde kinnen. De twa seagen de beskonken sjauffeur, in ynwenner (41) fan Walterswâld, slingerjend oer de dyk riden en warskôgen de plysje.

Oan de Tsjerkestrjitte yn Walterswâld koe de dronken bestjoerder oanholden wurde. Hy hie 1,5 promille alkohol yn it bloed. Dat is trije kear mear as tastien is. Syn rydbewiis is yn beslach nommen.

Trefwurden: 
argyf
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)