De Boer nije trener ONT
Fuotbalklub ONT fan De Pein hat in nije trener. It giet om Klaas de Boer fan Burgum. Hy is de opfolger fan Sipke Hulshoff dy't nei Cambuur giet.
De Boer makket syn debút as haadtrener. Hy wol it wurk kombinearje mei it fuotbaljen by sneins-earsteklasser VV Burgum. De Boer moat derfoar soargje dat ONT nei de twadde klasse promovearret.