Plysje foarkomt supportersrel

13 jul 2008 - 10:47

De plysje hat sneontejûn rellen tusken oanhingers fan Cambuur en SC Hearrenfean foarkomme kinnen. Beide groepen hiene ôfpraat om inoar te treffen yn Surhústerfean. Dêr spile Hearrenfean in oefenwedstryd. De groep Cambuursupporters waard foar it doarp werom stjoerd troch de plysje.

De oanhingers fan de Ljouwerter klub wiene yn de buert omdat Cambuur in oefenwedstryd spile yn Koatstertille. Fanwege de driging fan rellen waard dy wedstryd in healoere útsteld.

Trefwurden: 
argyf
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)