Ljouwerter: natuerlike dea

12 jul 2008 - 17:01

De 44-jierrige Ljouwerter dy't freed dea fûn waard yn syn wenning, is net troch in misdriuw om it libben kaam. Dat hat seksje op syn stoflik omskot útwiisd. De man fan Antiljaanske komôf waard yn de nacht fan tongersdei op freed fûn yn syn hûs oan de Gerbrandywei.

In team fan 30 resjersjeurs waard op de saak set, omdat tocht waard oan in misdriuw. It team is sneon opheft, doe't dúdlik waard dat de man in natuerlike dea stoarn is.

Trefwurden: 
argyf
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)