Hoareka Skylge massaal yn fout

12 jul 2008 - 14:41

It giet massaal mis mei de ferkeap fan alkohol oan jongerein ûnder de 16 yn de hoareka op Skylge. De Voedsel en Waren Autoriteit hat de ôfrûne dagen acht boetes en twa warskôgings útdield en is skrokken fan wat se oantroffen.

De gemeente ropt nei oanlieding fan de kontrôle de ûndernimmers byelkoar. Gjin inkele supermerk die it goed, in soad kampings ferkeapje bier oan jongerein ûnder de 16 jier. Twa kear waard besocht kontroleurs de doar út te wurkjen.

Trefwurden: 
argyf
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)