Skûtsjes folgje fia ynternet

12 jul 2008 - 14:09

It skûtsjesilen is takom jier hielendal fia it ynternet te folgjen. De skûtsjes wurde dan útrist mei in stjoerderke. Dat stiet yn kontakt mei in webside sadat it publyk sjen kin wêr't de skippen krekt binne.

De SKS hopet sa mear minsken nijsgjirrich te meitsjen nei de sport. Neffens de organisaasje ha de skippers gjin foardiel fan de technyk. It is ferbean kompjûters mei te nimmen oan board.

Trefwurden: 
argyf
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)