Man (21) dea nei ûngelok

12 jul 2008 - 13:32

In 21-jierrige man út Drachten is freed ferstoarn nei in slim ûngemak by Twizelerheide. Hy wie op it Wyldpaed West frontaal yn botsing kaam mei in tsjinlizzer.

De bestjoerder fan dy auto - in 20-jierrige man út de gemeente Kollumerlân - hat nei alle gedachten yn in flauwe bocht net genôch rjochts hâlden. Beide bestjoerder waarden mei ferwûnings nei it sikehûs fan Ljouwert brocht, dêr is de Drachtster freed yn de rin fan de jûn ferstoarn,

Trefwurden: 
argyf
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)