Westra twadde yn Lus fan Roden

12 jul 2008 - 10:57

Lieuwe Westra út Mûnein is freed twadde wurden yn de hurdfytsrûnde de Lus fan Roden. Westra, dy’t de ôfrûne wiken al fjouwer kear wûn, wie al yn de twadde rûnde mei Johnny Hoogerland út Yerseke fuortriden út it peloton.

De twa koprinners namen healwei de wedstriid in rûnde foarsprong op de grutte groep. Yn de einsprint moast Westra nei hûndert kilometer Hoogerland foargean litte. Westra koe libje mei syn klassearring: "Ik wie goed, mar Johnny wie krekt better."

Trefwurden: 
argyf
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)