Tjalsma wint Gouden Swipe

11 jul 2008 - 17:52

De Gouden Swipe is freedtemiddei wûn troch Hiltsje Tjalsma. De pikeur kaam mei har hynder Siebe's pride as earste oer de streek by de tradisjonele koers op 'e Swipedei op 'e Jouwer. Gretha Posthuma waard twadde, Hilda Hofstra tredde.

Swipedei lûkt alle jierren in pear tûzen taskôgers nei De Jouwer. Der wurdt in tsiental koersen ferriden op it gers fan de Nutsbaan. Fansels kin der gokt wurde op de ferskate draverijen.

Trefwurden: 
argyf
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)