Bit koerst op baan Wolvegea

11 jul 2008 - 15:57

In drokte fan belang freedtemiddei op de drafbaan fan Wolvegea. Der wiene opnames foar de nije tillevyzjesearje fan Omrop Fryslân, Bit. Freed waard de Prijs der Giganten neispile, in wichtige koers alle jierren op de drafbaan. Mear as hûndert figuranten wiene op de baan, wylst der eins 150 nedich wiene.

De searje giet oer twa rivalisearjende hystefamyljes. Wa't de koers wint, sjogge jo yn ien fan de ôfleveringen fan Bit de kommende hjerst.

Trefwurden: 
argyf
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)