Syktocht drinkeling giet troch

Der wurdt noch hieltyd socht nei de fermiste drinkeling op 'e Iselmar. It slachtoffer is krekt foar middernacht by Breesândyk fan in jacht fallen. De man hie gjin swimfest oan. Der wiene noch twa minsken oan board. Dy hawwe nei it slachtoffer socht en oanslutend de kustwacht ynskeakele.
Plysjetsjinst KLPD hat freed de sykaksje oernaam en siket lâns de kust nei de man. Dit hie freedtemiddei noch neat opsmiten. De KLPD sil ek mei trije boaten drêgje yn 'e Iselmar.