Studintehúsfesting oars regele

© Omrop Fryslân
De húsfesting fan bûtenlânske studinten yn Ljouwert moat better regele wurde. Dat fine de trije hegeskoallen yn de stêd. Se ha dêrom in wenningkorporaasje út Utrecht frege om de ferhier en it behear fan 400 studinte-keamers oer te nimmen.
Foar de studinten hat it in grut foardiel. Se kinne tenei fia ynternet út har eigen lân wei har keamer reserveare. De nije situaasje moat ek soargje foar minder problemen mei de húsfesting fan bûtenlânske studinten.