Tsjerke Hylpen kin útwreidzje

De tsjerke fan Hylpen wurdt útwreide
De gemeente Nijefurd giet foarby oan it advys fan de wolstânskommisje Hûs en Hiem oer de útwreiding fan de tsjerke yn Hylpen. Hûs en Hiem fynt dat it bouplan net op dat plak yn Hylpen past. De gemeente hat ek oare wolstânskommisjes om ried frege. Dy fine it bouplan wol geskikt.
Nijefurd set no de prosedueres yn gong foar de nijbou. Mei de útwreiding kin der aanst tagelyk in tsjerketsjinst en in kindernevendienst yn it gebou hâlden wurde.