Pinpasfraude by túnsintrum

De pinpassen fan twatûzen klanten fan Bos_Tuin_&_Dier op It_Hearrenfean binne blokkearre. Troch in gefal fan fraude is yn it bûtenlân jild fan de rekken fan de klanten ôfhelle. Dat is benammen foar minsken dy´t no op fakânsje binne lestich, want se kinne neat mear mei har pinpas.
Hoe grut de skea yn totaal is is noch net bekend. By it túnsintrum hawwe se neat fernaam fan de fraude en dat wylst se de apparaten alle dagen kontrolearje.