Betelje foar eigen soarch

© Omrop Fryslân
55-Plussers yn Ljouwert wolle wol mear betelje foar soarchfoarsjennings as sy dêrmei langer selsstânnich bliuwe kinne. Dat docht bliken út in ûndersyk ûnder âldere Ljouwerters. Dat is bedoeld om út te finen hoe't Ljouwerters in noflike âlde dei belibje wolle en hokker ferwachtings sy hawwe wat wenjen en soarch oangiet.
De gemeente, wenningboukorporaasjes en soarchynstellings moatte mear rekken hâlde mei âldere minsken dy't mear te besteegjen hawwe, fine de ûndersikers.