Skylge: freonskip mei Vardø

De haven fan Vardö
Skylge ûndertekenet definityf in freonskipsbân mei it Noarske eilân Vardø. B en W reizgje dêrfoar ein july ôf nei Noarwegen. Se binne útnoege foar de ûnbleating fan in búste fan Willem Barentsz. De Skylger hat op syn reizen ek Vardø oandien.
Njonken B en W gean ek minsken fan museum 't Behouden Huys, it Maritym Ynstitút, it SNN en sjonger Piter Wilkens mei. Der sil benammen gearwurke wurde op it mêd fan kultuer, toerisme, ekonomy en natuer.