Weening begjint sms-tsjinst

© Omrop Fryslân
Tour_de_France-hurdfytser Pieter Weening fan De_Harkema hâldt it thúsfront op ´e hichte mei in eigen sms-tsjinst. Weening is neffens syn fanclub de alderearste Fryske sporter dy´t fan sa´n tsjinst gebrûk makket om de fans op ´e hichte te hâlden fan syn prestaasjes yn Frankryk. Cambuur en Hearrenfean sms´e al langer mei fans dy´t har hjirfoar oanmelde.
Wa´t it lêste Pieter-nijs op syn telefoan ûntfange wol moat it boadskip PIETER AAN sms´e nei nûmer 4411.