FC Frjentsjer: nij bestjoer

It fjild sa't it der no hinne leit
De leden fan fuotbalclub SC_Frjentsjer kieze op 18 augustus in nij bestjoer op in ekstra ledegearkomste. It âlde bestjoer stapte tiisdei op fanwege de fertraging fan de nije keunstgersfjilden.
De gemeente hie tasein dat de fjilden yn septimber klear wêze soene. Mar it is koart dei en de club koe fan Frjentsjerteradiel gjin hurde garânsje krije dat se dan ek echt klear binne. Nei in ultimatum stapte it bestjoer tiisdei op.