Dútser it libben rêden

© Omrop Fryslân
In Dútser fan 71 jier is juster yn Grou rêden troch in man fan 53 jier út Ljouwert. De Dútser ried yn ´e auto oer de Reinerswei en waard net goed. De Ljouwerter seach dat en helle de bestjoerder út ´e auto en begong fuortendalik mei reanimearjen.
Ambulânsepersoniel naam dat dêrnei mei súkses fan him oer. It slachtoffer is letter mei de ambulânse nei it sikehûs yn Ljouwert brocht.