Fan fyts slein by berôving

© Omrop Fryslân
Yn Ljouwert is woansdei in man fan 64 jier beroofd. Hy waard op it Dragoonsplein troch in oare man fan ´e fyts slein. De Ljouwerter foel op de grûn, wêrnei´t de oare man boppe-op him sitten gie en jild easke. Doe´t it slachtoffer sei dat er dat net hie, trochsocht de dieder syn bûsen en naam in bosk kaaien mei. Dêrnei naaide de dieder út.
It slachtoffer hat gjin ferwûnings oerhâlden oan ´e berôving.