Sint Jabik: man falt fan dak

10 jul 2008 - 09:59
Foto: Omrop Fryslân

In 62-jierrige man út Sint_Jabik is woansdei ferwûne rekke doe't er yn syn wenplak fan in dak foel It slachtoffer wie nei alle gedachten op in glêde dakpanne stean gien en útgliden.

De man foel trije meter nei ûnderen. Hy rekke ferwûne oan in skonk en waard mei de ambulânse nei it sikehûs yn Ljouwert ta brocht.

Trefwurden: 
argyf
(Advertinsje)
(Advertinsje)