Holwerter omkaam by ûngelok

10 jul 2008 - 09:52

In man fan 68 jier út Holwert is woansdeitemiddei om it libben kaam by in ûngelok yn syn wenplak. It slachtoffer woe op syn fyts de Dokkumerwei oerstekke. Hy seach in auto, bestjoerd troch in 37-jierrige man út Dokkum oer de holle. Dy koe de fytser net mear ûntwike en botste tsjin him op.

De man rekke swierferwûne en waard mei de traumahelikopter nei it UMCG yn Grins brocht. Dêr is er letter oan syn ferwûnings ferstoarn.

Trefwurden: 
argyf
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)