Weening wer fris op 'e fyts

Pieter Weening fielt him wer goed
Hurdfytser Pieter Weening fan de Harkema kin tongersdei fris oan de seisde etappe fan de Tour de France begjinne. Weening hie lêst fan búkgryp, mar ûnderweis yn de fyfde etappe woansdei fielde hy him hieltiten better wurden. De krêft moat noch wol wat weromkomme, mar dêr hat Weening alle fertrouwen yn.
De seisde etappe giet fan Aigurande nei Super-Besse Sancy, oer in ôfstân fan 195km. Weening stiet op it 165ste plak yn it algemien klassemint.