Diken Nij Beets net werstelle

09 jul 2008 - 16:47

Opsterlân mei de iepenlizzende diken by it Polderhoofdkanaal net werstelle. Dat hat de rjochtbank yn Ljouwert bepaald. De gemeente woe de diken opknappe om de doarpen Nij Beets en De Feanhoap berikber te meitsjen.

Ek soe der sprake wêze fan in needtastân omdat helptsjinsten omride moatte. Neffens de rjochter hat de gemeente dit net goed ûnderboud. Boppedat kinne der rydplaten dellein wurde sadat de helptsjinsten der dochs delride kinne.

Trefwurden: 
argyf
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)