GGZ begjint mei 'bemuoisoarch'

09 jul 2008 - 15:24

Minsken dy't harsels of oaren yn it paad sitte, krije besite fan in spesjaal team fan 'e GGZ. Alle dagen stappe twa helpferlieners op de fyts om yn Ljouwert minsken met psychyske problemen op te sykjen.

De saneamde bemuoisoarch moat pasjinten der boppeop helpe en oerlêst yn de buert foarkomme. Meikoarten binne der seis fan sokke helpploegen yn hiel Fryslân aktyf. Minsken dy't dêrnei dochs noch foar grutte oerlêst soargje, wurde opnommen.

Trefwurden: 
argyf
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)