´Evenemintepils´ by Cambuur

Op tribunes mei wer bier dronken wurde
Op de tribunes fan it Cambuurstadion mei wer bier dronken wurde. SC Cambuur sil de earste wedstriden fan it kommende seizoen saneamd evenemintebier ferkeapje. Evenemintebier is bier mei in leger alkoholpersintaazje.
As it de earste wedstriden goed giet, sil Cambuur de rest fan it seizoen tastean dat der bier dronken wurdt op de tribunes. Cambuur hat dit ôfpraat mei de supportersferiening en de freoneclub.