Skylger boeren by Verburg

09 jul 2008 - 14:33

In delegaasje boeren fan Skylge is woansdei yn Den Haach om oan minister Verburg fan lânbou it earste eksimplaar fan it boek Boeren in Beeld te oerlangjen. De lêste desennia binne 100 boeren op Skylge ophâlden.

Agrarisch Belang Skylge hat it inisjatyf naam foar it boek. It is skreaun troch Renske Gorter en moat de boerestân op it eilân yn in posityf deiljocht sette. Deputearre Andriesen sil tongersdei op Skylge in eksposysje oer it buorkjen op Skylge iepenje.

Trefwurden: 
argyf
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)