Man ûngelok Epe wie 'net goed'

09 jul 2008 - 10:59

De feroarsaker fan it ûngelok yn Epe wêrby't twa Friezen om it libben kamen, is nei alle gedachten net goed wurden. Dat seit plysjewurdfierder Anton de Ronde. In autobestjoerder (85) ride fan achteren yn op in groepke fan fjouwer fytsers. In man (60) fan Jobbegea ferstoar op it plak fan it ûngelok. In frou fan 47 út Lippenhuzen ferstoar letter.

De frou fan it slachtoffer út Jobbegea leit yn kritike tastân yn in sikehûs. In man (52) út Lippenhuzen is ferwûne.

Trefwurden: 
argyf
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)