Zwartelé ferlit Alde Tsjerken

© Omrop Fryslân
Michael_Zwartelé hâldt op as direkteur fan de stifting Alde_Fryske_Tsjerken. Hy hat wurk krigen by it Platform_Nederlandse_Luchtvaart. Der waard socht nei in nije direkteur.
Zwartelé hat twa jier direkteur west by de stifting. By it grutte publyk waard er bekend doe´t de tsjerke fan Wier meidie oan it Avro- tv-programma De_Restauratie. Tegearre mei de doarpsbewenners waard striden foar 1 miljoen euro om de tsjerke op te knappen.