Cambuur wint wer oefenduel

Cambuur wint ek fan Nylân
Cambuur_Ljouwert hat ek de tredde oefenwedstriid fan it nije seizoen omset yn in oerwinning. Yn en tsjin sneonstwaddeklasser Nijlân waard it tiisdei 0-9. By ´t skoft stie it 0-4 troch goals fan Jansen, Van_der_Heide, Guyt en Ter_Heide.
Yn de twadde helte wie ynfaller Kees_Pier_Tol, oerkommen fan de amateurferiening Volendam, de grutte man. Hy makke fjouwer goals, wêrfan ien kear út in pengel. Ek Jansen skoarde yn de twadde helte.