Folle mear studinten foar NHL

08 jul 2008 - 20:21
De NHL ferwachtet in grutte taname

De Noardlike Hegeskoalle Ljouwert ferwachtet in grutte taname fan it tal studinten dat har de kommende moannen ynskriuwe sil foar in technyk- of learare-oplieding.

Neffens ferline jier binne der no al 13 persint mear oanmeldings. In fjirde fan alle ynskriuwings is foar technyske opliedings. Ien fan de redenen foar de taname is dat no ek studinten sûnder technyske foaroplieding HBO-technyk dwaan meie.

Trefwurden: 
argyf
(Advertinsje)
(Advertinsje)