Amelân brûkt plestik tas opnij

© Omrop Fryslân
Fan woansdei ôf steane yn alle supermerken fan It Amelân 'tassebollen' om plestik tassen te recycljen. Yn in rûne plestik bol kinne klanten harren brûkte plestik tassen kwyt en wa't in taske nedich hat kin fergees ien meinimme.
It Amelân docht der in soad oan om it eilân sa miljeufreonlik mooglik te meitsjen. Alle 9 supermerkûndernimmers sette in tassebol yn de winkel. De bol is in útfining fan Caroli Buitenhuis, dy hat der in soad prizen mei wûn.