Lytse skoallen langer iepen

08 jul 2008 - 14:32

Basisskoallen mei minder as 23 learlingen hoege net mear automatysk ticht. Dat hat in mearderheid fan de Twadde Keamer besletten. No krije skoallen dy't trije jier lang ûnder de noarm sitte, gjin Ryksjild mear. De Twadde Keamer wol dat foar lytse skoallen op it plattelân, lykas yn Fryslân, in útsûndering makke wurdt.

Koartlyn moast de skoalle fan Wyns de doarren slute fanwege te min learlingen. Yn it nije systeem hie de skoalle fan Wyns ek bliuwe kinnen.

Trefwurden: 
argyf
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)